Public Domain Mark

Jo brûke in ynstrumint om wurken te etikettearjen dêrt’t gjin bekende auteursrjochtlike beheiningen op rêste. Creative Commons riedt dat ynstrumint ôf foar wurken dy’t auteursrjochtlik beskerme binne yn ien of mear wetjouwingen. As jo ôfstân dwaan wolle fan auteursrjochtbeheiningen op jo eigen wurk, brûk dan de CC0 publyk domeintawizing.

Troch it Publyk Domein Merk te brûken kinne jo in wurk merke dêr’t gjin bekende auteursrjochtlike beheiningen op rêste en dúdlik kunde dwaan fan dy status. Op de krekte manier brûkt, makket in PDM it wurk maklik te finen en jout it weardefolle ynformaasje oer it wurk.

It PDM is bedoeld foar it merken fan âlde wurken dy’t wrâldwiid net langer auteursrjochtlik beskerme binne, of wurken dy’t de rjochthawwers mei klam yn it wrâldwide publike domein pleatst hawwe foar’t de doer fan it auteursrjocht ferstrutsen is. It moat net brûkt wurde om wurken te merken dy’t ûnder guon nasjonale wetjouwingen yn it publike domein binne, wylst der ûnder oare nasjonale wetjouwingen dúdlik auteursrjocht op rêst. Op it stuit riedt Creative Commons it Publyk Domein Merk ôf foar wurken dêr’t it auteursjocht fan ferskilt fan wetjouwing ta wetjouwing, alhoewol’t wy wurkje oan wegen om sokke wurken te merken en etikettearjen. Rieplachtsje jo juridysk adviseur as jo net wis binne oft jo it PDM brûke kinne foar in wurk dat jo merke wolle.

Tink derom dat dit gjin registraasjeproses is en Creative Commons neat fan de ynformaasje dy’t jo ynfolje bewarret of opslacht. Dit helpmiddel helpt jo by it oanmeitsjen fan HTML-koade mei ynsletten metadata om it wurk te merken dêr’t jo fan fêststeld hawwe dat der gjin bekende auteursrjochtlike beheiningen op rêste. It wurk is net keppele oan in Publyk Domein Merk oant jo it, merkt as sadanich, publisearje.

Untdek mear begjin »