CC0

Jo brûke in ynstrumint om ôfstân te dwaan fan wrâldwide auteursrjochtbeheiningen. Jo kinne dat ynstrumint sels brûke as der yn guon wetjouwingen gjin auteursrjochten op jo wurk rêste, wannear’t jo befêstigje wolle dat der wêr dan ek gjin auteursrjochten op rêste. Dat is bygelyks sa as jo in museum of bibleteek binne en in wurk reprodusearje dat yn it publike domein sit en jo wolle it publyk dúdlik witte litte dat jo gjin oanspraak meitsje op auteursrjochtlike beskerming oer jo digitale kopy. Creative Commons riedt dit ynstrumint ôf foar wurk dêr’t wrâldwiid al gjin auteursrjochten mear op rêste. Foar sokke wurken kinne jo it Publyk Domein Merk brûke.

Troch CC0 te brûken kinne jo ôfstân dwaan fan alle auteursrjochten en oanbuorjende rjochten dy’t jo mooglikerwiis hawwe yn alle wetjouwingen op ’e wrâld, lykas jo morele rjochten (foarsafier’t ôfstân dêrfan mooglik is), publisiteits- of privacyrjochten, rjochten dy’t jo beskerming biede tsjin ûnearlike konkurrinsje, en databankerjochten en rjochten dy’t beskerming biede tsjin it opfreegjen, fersprieden en werbrûken fan gegevens.

Ferjit net dat jo gjin ôfstân dwaan kinne fan auteursrjochten op in wurk dêr't jo gjin rochten op hawwe, of it moast sa wêze dat jo tastimming ha fan de auteursrjochthawwer. Om it skeinen fan rjochten fan tredden tefoaren te kommen, moatte jo oerlizze mei jo juridysk adviseur as jo net wis binne oft jo alle needsaaklike rjochten hawwe om it wurk te fersprieden.

Tink derom dat dit net in registraasjeproses is en Creative Commons neat fan de ynformaasje dy’t jo ynfolje bewarret of opslacht. Dit helpmiddel helpt jo by it oanmeitsjen fan HTML-koade mei ynsletten metadata om jo wurk te merken as beskikber ûnder CC0. Jo wurk is net keppele oan CC0 of beskikber makke ûnder CC0 oant jo it, merkt as sadanich, publisearje.

Untdek mear   begjin »