Oer de lisinsjes
Wat dogge ús lisinsjes
Lisinsjeûntwerp en -grûngedachte
Alle Creative Commons-lisinsjes hawwe in soad wichtige eigenskippen mienskiplik. Alle lisinsjes helpe skeppers — wy neame dy lisinsjejouwers as se ús ynstruminten brûke — om it auteursrjocht te behâlden wylst se oaren tastean om har wurk te kopiearjen, fersprieden en te brûken — alteast net-kommersjeel. Alle Creative Commons-lisinsjes garandearje dêrby de lisinsjejouwers dat se de erkenning foar har wurk krije dy’t se fertsjinje. Alle Creative Commons-lisinsjes wurkje wrâldwiid en bestean like lang as dat it tapaslike auteursrjocht bestiet (om’t se boud binne op it auteursrjocht). Dizze mienskiplike eigenskippen tsjinje as it fûnemint, sadat lisinsjejouwers derfoar kieze kinne om dêrboppe-op ekstra brûkersrjochten te jaan, wannear’t se beslute hoe’t se wolle dat jo har wurk brûke.
In Creative Commons-lisinsjejouwer beänderet in pear maklike fragen as de stappen foar it kiezen fan in lisinsje — earst, wol ik it brûken foar kommersjele doelen tastean of net, en dan twad, wol ik ôflate wurken tastean of net? As in lisinsjejouwer beslút om ôflate wurken ta te stean kin er der ek foar kieze om te easkjen dat elkenien dy’t it wurk brûkt — wy neame dy lisinsjehâlders — dat nije wurk beskikber makket ûnder deselde lisinsjebetingsten. Wy neame dat plan ‘AllykDiele’ en it is ien fan de meganismen dy’t (as jo derfoar kieze) de digitale mienskar yn ’e rin fan ’e tiid groeie lit. AllykDiele is ynspirearre fan de GNU Algemiene Publike Lisinsje, dy’t brûkt wurdt troch in soad frij te brûken en iepen softwareprojekten.
Us lisinsjes dogge gjin ôfbrek oan de rjochten folgjend út útsûnderingen en beheiningen fan it auteursrjocht, dy’t de wet jout oan brûkers fan kreative wurken dy’t oars auteursrjochtlik beskerme binne. Creative Commons-lisinsjes fereaskje dat lisinsjehâlders om tastimming freegje foar alle mooglike foarmen fan brûken dy’t de wet foarbehâldt oan allinnich in lisinsjejouwer en dy’t de lisinsje net mei klam tastiet. Lisinsjehâlders moatte de namme fan de lisinsjejouwer neame, it auteursrjochtneamen geef hâlde op alle eksimplaren fan it wurk en ferwize nei de lisinsje op alle eksimplaren fan it wurk. Lisinsjehâlders meie gjin technyske middels brûke om de tagong ta it wurk te beheinen foar oaren.
Trije ‘lagen’ fan lisinsjes
Masinelêsber
Minskelêsber
Juridysk Skrift
Yn ús auteursrjochtlisinsjes befetsje in unike en fernijende ‘trije-lage’-opset. Alle lisinsjes begjinne as in tradisjoneel juridysk ynstrumint, mei it soarte taal en tekstyndieling dat de measte juristen kenne en graach sjogge. Wy neame dat de Juridysk Skrift-laach fan alle lisinsjes.
Mar om’t de measte skeppers, learkrêften en wittenskippers ommers gjin juristen binne, stelle wy de lisinsjes ek beskikber yn in foarm dy’t gewoane minsken lêze kinne — de Commons Deed (oftewol de ‘minskelêsbere’ ferzje fan de lisinsje). De Commoms Deed is in handich neislachwurk foar lisinsjejouwers en lisinsjehâlders, dêr’t guon fan de wichtichste betingsten en kondysjes yn gearfette en bekendmakke binne. Jo kinne de Commons Deed sjen as in brûkersfreonlike ‘interface’ nei it Juridysk Skrift derûnder, hoewol’t de Deed sels net in lisinsje is en de ynhâld derfan gjin part fan it Juridysk Skrift sels is.
De lêste laach fan de lisinsje-opset erkent dat software, fan sykmasines oant kantoarpakketten en muzykbewurking, in kolossale rol spilet yn it skeppen, kopiearjen, útfinen en fersprieden fan wurken. Om it maklik foar it ynternet te meitsjen om te witten hokker wurk beskikber is ûnder in Creative Commons-lisinsje, biede wy in ‘masinelêsbere’ ferzje fan de lisinsje — in gearfetting fan de rjochten en plichten, skreaun yn in yndieling dy’t softwaresystemen, sykmasines en oare soarten technology begripe kinne. Wy hawwe in standerdisearre manier ûntwikkele om lisinsjes te beskriuwen, dy’t software begripe kin en CC Rights Expression Language (CC REL) hyt, om dat op te rêden.
Sykjen om iepen ynhâld is in wichtige funksje, dêr’t ús beneiering jo ta by steat stelt. Jo kinne Google brûke om te sykjen nei Creative Commons-ynhâld, of nei plaatsjes op Flickr, albums op Jamendo en algemiene media op spinxpress. De Wikimedia Commons, it multimedia-argyf fan Wikipedia, is ek in haadbrûker fan ús lisinsjes.
Dy trije lagen fan de lisinsjes mei-inoar garandearje dat it spektrum fan rjochten net inkeld in juridysk begryp is. It is eat dat de skeppers fan wurk begripe kinne, har brûkers begripe kinne en sels it ynternet sels begripe kin.
De lisinsjes

Nammeneamen
CC BY
This license lets others distribute, remix, adapt, and build upon your work, even commercially, as long as they credit you for the original creation. This is the most accommodating of licenses offered. Recommended for maximum dissemination and use of licensed materials.

Nammeneamen-AllykDiele
CC BY-SA
This license lets others remix, adapt, and build upon your work even for commercial purposes, as long as they credit you and license their new creations under the identical terms. This license is often compared to “copyleft” free and open source software licenses. All new works based on yours will carry the same license, so any derivatives will also allow commercial use. This is the license used by Wikipedia, and is recommended for materials that would benefit from incorporating content from Wikipedia and similarly licensed projects.

Nammeneamen-GjinOflaatWurk
CC BY-ND
This license lets others reuse the work for any purpose, including commercially; however, it cannot be shared with others in adapted form, and credit must be provided to you.

Nammeneamen-NetKommersjeel
CC BY-NC
This license lets others remix, adapt, and build upon your work non-commercially, and although their new works must also acknowledge you and be non-commercial, they don’t have to license their derivative works on the same terms.

Nammeneamen-NetKommersjeel-AllykDiele
CC BY-NC-SA
This license lets others remix, adapt, and build upon your work non-commercially, as long as they credit you and license their new creations under the identical terms.

Nammeneamen-NetKommersjeel-GjinOflaatWurk
CC BY-NC-ND
Dizze lisinsje is it strangst fan ús seis foarnaamste lisinsjes, want hy stiet oaren allinnich ta om jo wurken del te laden en út te wikseljen mei oaren salang’t sy jo namme neame, mar se kinne jo wurken op gjin inkelde manier feroarje of kommersjeel brûke.
Wy biede ek ynstruminten oan dy’t wurkje yn ’e ‘gjin rjochten foarbeholden’-romte fan it publike domein. Us CC0-ynstrumint stiet lisinsjejouwers ta om fan alle rjochten ôf te sjen en in wurk yn it publike domein te setten en ús Publyk Domein Merk stiet alle ynternetbrûkers ta om in wurk te ‘merken’ as yn it publike domein.
Bahasa Indonesia Bahasa Malaysia Castellano (España) Català Dansk Deutsch English Español Esperanto Euskara français Frysk Galego hrvatski Italiano Latviski Lietuvių Magyar Nederlands norsk polski Português Português (BR) română Slovenščina srpski (latinica) suomeksi svenska Türkçe Íslenska čeština Ελληνικά Беларуская русский українська العربية پارسی বাংলা 中文 日本語 華語 (台灣) 한국어